Net in soad fragen oer brân

29 jul 2014 - 16:41
  • Mei man en macht wurdt de brân blust

It reguliere tillefoannûmer fan de gemeente Achtkarspelen is berikber foar boargers mei fragen oer de brân tiisdei yn it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster. Dat nûmer is 140511. Minsken kine dêr terjochte mei fragen oer bygelyks skealike stoffen yn de reek en it tichthâlden fan ruten en doarren.

Ut hiel Fryslân kamen der meldings fan minsken dy't de brânlucht rûkten. Dit wie sels op It Hearrenfean it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)