Autobrân slacht oer nei hûs

Yn Waaksens (Littenseradiel) is tiisdeitemiddei in autobrân oerslein nei in wenning. It hûs en twa auto's oan De Bieren stienen yn brân. De brânwacht kaam mei meardere auto's te plak. It fjoer wie nei goed trije kertier ûnder kontrôle. By de brân is in soad reek frijkaam. De brânwacht advisearret omwenjenden om ruten en doarren foarearst noch ticht te hâlden.