'Gjin grienten út eigen tún'

29 jul 2014 - 14:27

De brânwacht warskôget minsken dy't yn de reek fan de grutte brân yn Gerkeskleaster sitte om gjin grienten út eigen tún te iten. Mooglik falle der roetdieltsjes yn de tunen en dit is skealik foar de sûnens.

De brânwacht ferwachtet noch oeren wurk te hawwen om it fjoer yn de tsiisfabryk ûnder kontrôle te krijen. Yn it pakhûs leine 45.000 tsizen opslein. Dy binne ferlern gien. De produksje leit folslein stil. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)