Gemeenten beskiber foar fragen

29 jul 2014 - 14:21

Minsken dy't te krijen ha mei de gefolgen fan de brân yn it tsiisfabryk fan Gerkeskleaster, kinne mei fragen terjochte by de gemeente dêr't se wenje. Dat seit de brânwacht. It giet dan yn alle gefallen om de gemeenten Achtkarspelen en Smellingerlân, dêr't de reekwolken as gefolch fan brân oerhinne lûke.

De situaasje yn Gerkeskleaster is opskaald nei GRIP 2. Dat betsjut dat mear helpferlieners ynset wurde, bygelyks op it mêd fan kommunikaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)