Brân grut nijs yn G'kleaster

De brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is grut nijs yn it doarp. Dat seit Wietske Poelman, foarsitter fan Pleatslik Belang Gerkeskleaster-Strobos. It fabryk stiet al mear as hûndert jier yn it doarp en is byldbepalend foar wa't it doarp ynrydt. 'Dat der wat bart mei it âlde gebou is ferskriklik foar it doarp', fynt Poelman.
It fabryk wie eartiids noch fan grut belang foar de wurkgelegenheid yn doarp. Tsjinwurdich wurkje der net sa'n soad doarpsynwenners mear.
FrieslandCampina biedt wurk oan 160 fte's en produsearret jierliks 57.000 ton oan tsiis en tsiisspesjaliteiten.