Noch gjin sein 'brand meester'

Goed hûndert brânwachtminsken binne dwaande mei it blussen fan de brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina. Sûnt acht oere moarns is de brânwacht dwaande mei it bestriden fan de flammen. Nettsjinsteande de manmachtige ynset kin wurdfierder Ingrid Weert noch altyd net sizze wannear't it sein 'brand meester' jûn wurde kin.
Wol krijt de brânwacht de brân hieltyd better ûnder kontrôle. Dat komt benammen om't ien fan de muorren fan de loads sloopt is sadat de hjitte fuort kin en de brânwacht better by de fjoerhurd komme kin.
De brânwacht lit it fjoer yn de loadsen dêr't de sizen lizze kontrolearre útbrâne. Dielen fan it gebou binne ynstoart.