Lease-kij nominearre NRC-priis

Kij yn 'e greide © Omrop Fryslân
In plan fan de stifting Farm Friends út Wommels is nominearre foar de NRC Charity Awards. It idee fan Farm Friends is om Etiopyske boerinnen kij lease te litten. Der stean al 5000 Fryske lease-kij op stâl.
De NRC Charity Awards binne bedoeld om allerhanne goede doelen yn Nederlân te stypjen. Ynstellings meitsje kâns op acht prizen, mei ûnder oare in publykspriis en in faksjuerypriis, beide goed foar 75.000 euro.