Soad brânwacht nei G'kleaster

Ferskate brânwachtkorpsen út de omkriten fan Gerkeskleaster binne oproppen om te assistearjen by it blussen fan de grutte brân yn de tsiisfabryk fan FrieslandCampina. Trije heechwurkers út Drachten, Dokkum en Ljouwert wurde ynsetten om it fjoer fan boppen te bestriden. Ek de Grinzer brânwachtkorpsen út Zuidhorn en Grypstsjerk binne oproppen om te helpen.
De frije ploegen en frijwilligers fan Ljouwert moatte har melde op de kazerne as back-up om de minsken dy't op dit stuit wurkje, ferfange te kinnen en foar it gefal de brân útwreidet.
Brânwachtwurdfierder Ingrid Weert kin noch net sizze wannear't it sein 'brand meester' jûn wurde kin. De brân is al trije oeren oan 'e gong.