Fytster Easterwâlde oanriden

© ANP Lex van Lieshout
In 77-jierrige frou út Easterwâlde is moandeitemiddei yn har wenplak ferwûne rekke by in fytsûngelok. De frou waard op har fyts oanriden troch in auto, bestjoerd troch in man fan 75 jier, ek út Easterwâlde. Hy seach de frou op de krusing fan de Prakkenleane en de Mûnewei oer de holle en ried tsjin har oan. De frou foel en is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.
By de drankkontrôle die bliken dat de 75-jierrige autobestjoerder tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is yn beslach naam.