Ljouwerter ynbrekkersduo pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei twa manlju fan 23 en 25 jier út Ljouwert oanhâlden om't se ynbrekkersark yn de auto hiene. De plysje waard warskôge troch in tsjûge. Dy hie sjoen dat de manlju by in pear boatsjes lâns de Camminghabuorren omskarrelen. De plysje hat de beide Ljouwerters oanholden en seach doe it ynbrekkersark.
It twatal is meinaam nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal tsjin harren opmakke.