Grutte brân Gerkeskleaster

29 jul 2014 - 08:31

Yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is tiisdeitemoarn brân útbrutsen. De brân ûntstie yn in opslachloads mei tsiis op it fabryksterrein oan de Verlaatsterwei. By de brân komt in soad reek frij. Omwenners moatte ruten en doarren ticht hâlde. De brânwacht is manmachtich útrukt om it fjoer te blussen.

Der is yn koarte tiid opskaald nei hiel grutte brân. De dyk is ôfsletten. Neffens de brânwachtwurdfierder binne der gjin meiwurkers ferwûne rekke, om't elkenien rap út it gebou wie.

De brân sit benammen yn it dak en de muorren fan de tsiisloads. Op dit stuit wurdt ien fan de muorren mei in grutte kraan sloopt, sadat de brânwacht de brân better bestride kin. It liket der op dat de rest fan it fabryk behâlden wurde kin. Hoe't de brân ûntstien koe, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)