Bûtenboardmotoaren stellen

Bûtenboardmotor
Yn Starum en Boalsert binne de ôfrûne dagen op 'e nij bûtenboardmotoaren stellen. Yn Starum waard in loads iepenbrutsen. In Honda bûtenboardmotor fan 4 pk waard hjir meinaam, lykas in elektryske Stihl kettingseage.
Yn Boalsert waard dit wykein oan de Gasthuiskade in Honda bûtenboardmotor fan 6 pk stellen. Yn De Broek hawwe dieven fergees besocht in bûtenboardmotor te stellen. Dat slagge net, mar de motor rûn wol swiere skea op.