Frou hast fan stoepe riden

© Omrop Fryslân
In 58-jierrige frou út Snits is moandeitemiddei oanhâlden nei't sy mei opsetsin mei de auto op in 75-jierrige frou út Snits ynriden wie. De 58-jierrige automobiliste wurdt fertocht fan poging ta deaslach. Neffens de 75-jierrige frou rûn sy op it Kleinzand op de stoepe, doe't de automobiliste op har ynried. It slachtoffer koe krekt op 'e tiid oan de kant springe.
De 58-jierrige fertochte koe letter oanhâlden wurde. Neffens de plysje hawwe de beide froulju al langer spul meielkoar.