Kringloop Harns siket romte

28 jul 2014 - 20:24

Omrin is op syk nei in tydlike romte foar de kringloopwinkel yn Harns. Goed in wike lyn brânde de loads dêr't de estafettewinkel fan Omrin yn festige wie, folslein út. Omrin siket no mei help fan de gemeente Harns nei ferfangende romte. It gebou moat wol oan ferskate easken foldwaan. Sa moat it minimaal 700 fjouwerkante meter grut wêze, der moat fergees parkearen mooglik wêze en it moat goed berikber wêze. Omrin ferwachtet in jier op de tydlike lokaasje te sitten.

Dêrnei is de bedoeling om wer op in fêst plak yn Harns de winkel te iepenjen. Oft dat op it âlde plak of op in nij plak is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)