Snitswike twa dagen langer

28 jul 2014 - 18:59
  • Byienkomst oer de Snitswike

De Snitswike duorret dit jier twa dagen langer as foarhinne. De festiviteiten yn de stêd duorje net sân, mar njoggen dagen. De ferlinging fan de Snitswike is in inisjatyf fan de hoareka-ûndernimmers yn de binnenstêd. It sylevenemint hâldt wol gewoan op tongersdei op.

It is dit jier de 79e kear dat de Snitswike holden wurdt. Takom jier is der in jubileum en dat moat in ekstra grut feest wurde. In kommisje is no al dwaande mei de tariedings dêrfoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)