18e-ieuske fynsten yn Twizel

28 jul 2014 - 17:17

By wurk oan de Alde Strjitwei yn Twizel is it fundamint fan in âld hûs en in begraafplak fûn. It hûs komt neffens archeologen út de achttjinde ieu. It begraafplak is nei alle gedachten âlder. Neffens ien fan de archeologen is dúdlik te sjen dat der groeven is yn it fundamint. Oft dat betsjut dat der grêven binne, is net te sizzen. Bonkeresten bliuwe net lang bewarre yn soksoarte fan grûn.

De fynsten binne yn kaart brocht. Ynkoarten wurde se wer bedobbe mei pún sadat de dyk op 'e nij asfaltearre wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)