Nije foarsitter ûndersyk REC

28 jul 2014 - 17:02

Peter Polhuis út Ljouwert is de nije foarsitter fan de begeliedingsgroep Luchtkwaliteit Harns. Polhuis is direkteur fan Dextera Advies en foarsitter fan de rekkenkeamer yn Ljouwert.

De begeliedingsgroep stipet it Ryksynstitút foar de Folkssûnens en Miljeu, it RIVM, by it ûndersyk nei de luchtkwaliteit yn Harns. Yn dy groep sitte ûnder oaren fertsjintwurdigers fan de pleatslik belangen fan Mullum, Winaam en Seisbierrum, de Harnzer húsdoktersgroep en lânbou-organisaasje LTO.

De fynst fan dioksine yn aaien fan partikulieren yn Harns hat foar ûnrêst soarge by in part fan de ynwenners. Se fermoede in link mei de ôffaloven. Dêrom hawwe de gemeente Harns en de provinsje it RIVM frege de kwaliteit fan de lucht yn en om Harns yn kaart te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)