Vissers winne SKS dei acht

It skûtsje fan Grou is moandei op dei acht by de SKS-wedstryd op de Hegemermar by Wâldsein earste wurden. It wie in moaie wedstryd mei in stevige wyn, mar lokkich mei droech waar.
It bliek in nek oan nek race tusken de skûtsjes fan Grou en Snits, dy't beide in hiel ein foarút leinen yn de wedstryd. Uteinlik wie it dochs it skûtsje fan skipper Douwe Azn. Visser fan Grou dy't as earste oer de finish kaam. Efkes letter kaam syn neef, skipper Douwe Visser Jzn. mei it skûtsje fan Snits, as twadde oer de finish.
It skûtsje fan De Lemmer mei skipper Albert Visser komt as tredde oer de finish, mei de skûtsjes fan Ljouwert en Earnewâld yn dy folchoarder derefter.
Mei noch trije wedstriden te gean, stjoert Grou stadichoan op de kampioenkoers oan. 'De wedstryd wie in beauty', seit Douwe Visser fan Grou. 'We hienen in goeie start en we hienen alles goed ûnder kontrôle. Bang foar de folgjende wedstryd binne wy seker net.'