Primeur foar Frysk Bûsboekje

28 jul 2014 - 12:12

De fjirtichste edysje fan it Frysk Bûsboekje is út. Mei it bûsboekje kinne minsken harren ôfspraken en kontakten foar 2015 yn it Frysk fêstlizze. Tema fan it bûsboekje is humor.

De jubileumedysje hat in primeur. De wike begjint net langer op snein, mar op moandei. Dêr hat wol diskusje oer west om't in groep fêste klanten it wichtich fynt dat de wike op snein begjint. Mar neffens de redaksje hawwe in soad minsken oanjûn dat se it op priis stelle soene wannear't de wike op moandei begjint.

Foar harren is de moandei it begjin fan 'e wike. Boppedat is de snein fanâlds de sânde dei fan 'e wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)