Alde bylden Snitswike socht

28 jul 2014 - 10:30

It Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid yn Hilversum siket âlde bylden fan de Snitswike. De oprop makket diel út fan it Amateur Platform fan Beeld en Geluid. Dy sammelet argyfmateriaal fan eveneminten rûnom yn it lân.

Neffens Beeld en Geluid is der wol âld-materiaal fan de Snitswike, mar ûntbrekke bylden út de tachtiger jierren, doe't amateurfilmers yn opkomst kamen. En dêr binne se no just nei op syk. Beeld en Geluid is ek by de iepening fan de Snitswike. Dan wurde âlde filmkes fan Snits en de Snitswike op in grut skerm toand.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)