Wetteroerlêst by Batavusfabryk

28 jul 2014 - 09:50

It Batavusfabryk oan de Industriewei op It Hearrenfean hat sûnt moandeitemoarn te krijen mei wetteroerlêst. Nei alle gedachten is de wetterlieding knapt. De brânwacht is drok dwaande om it wetter fuort te pompen.

It bedriuw is ôfsletten fan de wetterlieding. Neffens in wurdfierder is de oerlêst net grut om't in soad minsken mei fakânsje binne en der dizze wike gjin fytsen makke wurde. Mocht it lang duorje foar't it bedriuw wer oansletten is op it wetter, dan wurde de meiwurkers mooglik nei hûs tastjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)