Van der Meulen wint yn Arum

27 jul 2014 - 16:56
  • De winst is binnen
  • Renze, Johan en Hylke
  • Gert-Anne krijt de blauwe kaart
  • Daniël Iseger: mear as 500 punten

It partoer fan Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma hat snein mei 5-5 en 6-0 yn Arum de finale fan it haadklasse keatsen frije formaasje wûn. Op dy stân moast it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger belies jaan. It wie in partij mei in soad opslachflaters.

De winners fan dizze generale fan de PC wienen ferline jier de winners fan de echte PC yn Frjentsjer. Gert-Anne van der Bos krige in blauwe kaart fan de skiedsrjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)