Trio Wagenaar wint ek yn Arum

It partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat snein yn Arum de finale fan it haadklasse keatsen frije formaasje by de froulju wûn. Se wienen mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Margriet Bakker.
It trio fan Lisette Wagenaar-en-dy is oppermachtich. Sneon pakten se de winst yn Seisbierrum. Se ha no al acht kear wûn dit seizoen yn de frije formaasje.