Seaddehûs Furdgum wer opboud

Neidat it seaddehûs yn Furdgum twa wiken lyn hielendal ôfbrutsen is, wurdt it no wer opboud. Foarich jier stoarte it seaddehûs foar in part yn. Dizze kear wurdt mei twa yn plak fan trije patroanen boud. De bouwers hoopje dit jier noch klear te wêzen en sykje noch frijwilligers om te helpen.
It projekt heart by in promoasje-ûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins fan Daniël Postma nei midsieuske boutradysjes. It hûs komt by it archeologysk stipepunt yn Furdgum en is tagonklik foar publyk, as it klear is.