Drachtster is gefaar op dyk

(stockfoto) © ANP XTRA
Yn Drachten hat de plysje sneontenacht in 18-jierrige Drachtster oanhâlden foar gefaarlik rydgedrach. De plysje krige om in oere as twa in melding fan in bestjoerder dy't rap ried yn it sintrum en dêrmei gefaar op de dyk feroarsake. Doe't de man de plysje seach, naaide er hurd út. Letter trof de plysje him oan yn de boskjes oan de Orion. Nei alle gedachten wie er ûnder ynfloed fan GHB. Dy stof waard ek yn de auto fûn, dy't fierderop stie. Op it buro is in bloedproef ôfnaam. De man is ynsletten en hy is syn rydbewiis kwyt.