Teeferhalen socht foar museum

27 jul 2014 - 10:47

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert siket persoanlike teeferhalen foar har nije tentoanstelling 'Op de thee'. It museum freget minsken om oer har opfallende teeritueel of oer in moai oantinken fan in teemomint te fertellen. De ferhalen sille brûkt wurde foar in audiotoer troch it museum. Oant 1 augustus kinne minsken har teeferhaal ynstjoere fia www.princessehof.nl/theeverhaal. De tentoanstelling oer de ferskate teekultueren yn de wrâld begjint 6 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)