Ljouwerter bromrider oanhâlden

27 jul 2014 - 10:38

De plysje hat sneontenacht in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan heling, it riden sûnder rydbewiis en mei drank op. De man waard om healwei fjouweren hinne betrape doe't er op in bromscooter rap oer de Gerbrandywei yn Ljouwert ried. De plysje sette de man oan de kant, wêrnei't bliken die dat er tefolle dronken hie. Boppedat hie de bromscooter falske kentekenplaten. It slot wie fernield en it framenûmer wie fuorthelle. De man hie ek gjin helm op. Hy moast mei nei it buro en is foar ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)