Dwerse Grinzers oppakt
Trije manlju fan 20, 22 en 23 jier út Grins binne sneontenacht oppakt op it Ruterskertier yn Ljouwert. Se dienen ferfelend by in hoarekasaak, wêrnei't spul ûntstie mei portiers. De trije binne nei it plysjeburo brocht en dêr ynsletten.