Ferwûne by botsing op A32

Ambulânse © Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A32 by Aldskoat binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. It giet om in man en in frou út Wolvegea fan 21 jier. Sy sieten mei twa oare Wolvegeasters fan 18 en 21 jier yn 'e auto. De bestjoerster rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en knalde tsjin de fangrail. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare twa ynsittenden kamen mei de skrik frij.