Dryltser slacht man yn Snits
In man fan 21 jier út Drylts is sneontenacht oanhâlden yn Snits. Yn de Kleine Kerkstraat yn de stêd mishannele er samar in 20-jierrige ynwenner fan Eindhoven. It slachtoffer stie te wachtsjen foar in hoarekasaak. De fertochte sit fêst en hat proses-ferbaal krigen.