Lykspul Cambuur tsjin Paok

26 jul 2014 - 22:33

Cambuur spile sneontejûn yn Oosterbeek in oefenwedstrid tsjin it Grykske Paok Saloniki. De wedstriid einige yn in 1-1 lykspul. De Cambuur goal kaam op namme fan Dejan Meleg dy't mei in prachtige frije traap de 1-0 efterstân fan it boerd poetste. De Griken wienen in sterke tsjinstanner en hienen oer de hiele wedstriid besjoen it bettere fan it spul. Cambuur kin lykwols tefreden wêze want in lykspul tsjin sa'n sterke tsjinstanner nei in swiere trainingswike, dat is net min. Trainer Henk de Jong fynt wol dat syn seleksje noch útwreide wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)