Hollân de baas op NFM

26 jul 2014 - 22:25

Jaco de Groot by de senioaren, Dymphie van Rooijen by de froulju, Erwin Timmerarends by de junioaren en Jan Teade Nauta by de jonges waarden de winners fan de 26e NFM (Nasjonale Fierljep Manifestaasje) op It Heidenskip. De Hollanners wiene mei trije winners baas. Jaco de Groot ljepte 20.38, nûmer twa Oane Galama 19.83. Dymphie van Rooijen sprong 15.98, Wendy Helmes 15.96 en Anna Jet Leijenaar 15.26. By de junioaren kaam de top trije út Hollân mei Erwin Timmerarends as fierste: 18.80. Jan Teade Nauta rêde de Fryske eare by de jonges mei 17.88.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip NFM
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)