Mollema sakket yn klassemint

26 jul 2014 - 17:51
  • Bauke Mollema nei de tiidrit

Bauke Mollema hat sneon in hiele minne tiidrit riden yn de Tour de France. Hy ried op in nagelnije fyts dêr't er amper op traine kinnen hie. De Ljouwerter is yn it klassemint fan it sânde nei it tsiende plak sakke. De foarlêste etappe wie in rit fan 54 kilometer. Mollema ferlear mear as 9 minuten op Tony Martin, de winner fan de rit. Snein is de lêste rit, de kâns is hiel grut dat Mollema op it tsiende plak bliuwt.

Lieuwe Westra fan De Tynje waard 20ste yn de tiidrit. Yn it klassemint stiet er op plak 79.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)