Trio Wagenaar wint Seisbierrum

26 jul 2014 - 15:55

It partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hat sneon de finale fan it haadklassekeatsen frije formaasje wûn. Mei 5-1 en 6-2 wienen de froulju yn Seisbierrum te sterk foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. De lytse preemje wie foar Marije van der Meer, Klasine Huistra en Anke Marije Pompstra.

Fenna Zeinstra waard ta keninginne útroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)