'Stichting lotgenoaten MH17'

26 jul 2014 - 13:26

Ferskate neibesteanden fan de fleantúchramp fan de MH17 yn Oekraïne wolle in stichting foar lotgenoaten oprjochtsje. Se hawwe dêr advys foar ynwûn by de Stichting Herculesramp. Yn 1996 kamen by de fleanbasis fan Eindhoven 41 minsken om it libben doe't in tastel delstoarte en yn de brân fleach. De stichting Herculesramp organisearret alle jierren in betinking fan de ramp. It is noch net bekend wannear't de nije stichting fan de grûn komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)