Keunst fan plestik op Skier

Keunst fan Kirsten Buddeberg
Op Skiermûntseach is it projekt Plastic Pilot begûn. It inisjatyf komt fan de Dútske keunstneresse Kirsten Buddeberg, dy't op it eilân wennet. Mei it meitsjen fan keunstwurken fan plestik wol sy it publyk wize op de gefolgen fan it plestik sop yn seeën en oseanen. Tusken 5 en 31 augustus binne har tolve oranje keunstwurken te sjen by ferskate strânpeallen op it eilân.