Duo fernielt guod op It Amelân

Oanhâlden © Omrop Fryslân
Op It Amelân hat de plysje tongersdeitenacht twa mannen oanhâlden op fertinking fan fernielerij. Tsjûgen seagen dat it duo op de Strandweg by Ballum ôffalbakken en túnbanken omskopten. Ek fernielden se in rút fan in foardoar fan in wenning. De plysje koe de mannen oanhâlde. De 30-jierrige ynwenner út Heerlen en in 27-jierrige man dêr't it wenplak net bekend fan is, binne nei de wâl oerbrocht en foar neier ûndersyk ynsletten.