Jonge fernielt auto op Skylge
Op Skylge hat de plysje tongersdeitenacht in jonge fan 16 jier út Breukelen oppakt om't er in auto fernield hie. Tsjûgen bellen de plysje doe't se seagen dat er in parkearde auto yn de Burgemeester Reedekerstraat fernielde. De fertochte hat in proses-ferbaal krigen.