Draaioargelfestival yn Dokkum

Yn Dokkum is freed en sneon foar de njoggentjinde kear it draaioargelfestival. Dat wurdt organissearre troch de stifting Friese Draaiorgel Vrienden út dyselde stêd. Op ferskate plakken yn it sintrum binne 12 draaioargels te finen, dy't sawol op freed as op sneon de hiele dei te hearren binne. Alve draaioargels komme út Dútslân en ien draaioargel komt út Assen. Freedtejûn is der in oargelkonsert yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum. Takom jier wurdt it festival foar de twintichste kear hâlden.
De bedoeling is dat der dan ek gruttere draaioargels komme. Fierder is der dan ek in optocht fan boaten.