Dochs 2e plak foar De Jouwer

25 jul 2014 - 19:37

It skûtsje fan De Jouwer is freed by de SKS-wedstryd op de Fluezen by Ealahuzen toch twadde wurden. Fuort nei de finish krige skipper Dirk Jan Reijenga te hearren dat syn skûtsje by de start te betiid oer de start kaam wie. Dat betsjutte yn earste ynstânsje diskwalifikaasje. De sjuery hat op basis fan gesprekken mei ferskate partijen oardield dat dit net it gefal wie. It SKS-bestjoer hat it advys fan de sjuery oernaam. Dat betsjut dus dat Grou earste bliuwt yn Ealahuzen, De Jouwer twadde en Snits tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)