Felle brân garaazje Drachten

De felle brân by de garaazje yn Drachten © Marc Stijger - Kappers Media
Oan it Helmhout op in yndustryterrein yn Drachten hat freed oan de ein fan de middei in koarte felle brân west yn in garaazjebedriuw. It bedriuw is hielendal útbrând. Yn de garaazje stiene twa auto's. Dy binne by de brân ferlern gien. De brânwacht hie de brân ridlik gau ûnder kontrôle. Der is gjin asbest frijkommen by de brân. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. De oarsaak is noch net bekend.