Hynstedagen jubileum iepene

25 jul 2014 - 18:41

Yn Driezum Wâlterswâld binne freed de Hynstedagen 2014 offisjeel iepene. It hynste-evenemint wurdt foar de 25ste kear hâlden. Nei de iepening waard troch 126 dielnimmers meidien oan it Iepen Frysk kampioenskip hynstemaraton. Troch it wat mindere waar wie de publike belangstelling wat minder grut as oare jierren. Sneon ferwachtet de organisaasje goed 10.000 minsken, dy't ôfkomme op de boeremerk mei hynsteshows, in bradery en muzyk. Fanwege it 25-jierrich jubileum is der ek in grutte spektakelshow.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)