Takomst MFC De Wier ûnwis

MFC De Wier yn Oerterp
Der is noch gjin dúdlikheid oer de takomst fan multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp. Eigener is de gemeente Opsterlân en dy wol it sintrum sa gau as mooglik wer iepen dwaan. De fallite eksploitant hie noch in kontrakt oant oktober.
De kurator wol dan ek dat de gemeente in fergoeding jout foar it gebrûk en it ûnderhâld foar de perioade oant oktober. Oerlis hjiroer moat noch plakfine.