Hearrenfean praat mei Dalgaard

25 jul 2014 - 14:45

SC Hearrenfean is yn petear mei de Deenske oanfaller Thomas Dalgaard. De 30-jierrige spits spilet op dit stuit yn de Deenske kompetysje. Neffens Hans Vonk, manager fuotbalsaken, is de saak noch net rûn, mar binne de Feansters mei Dalgaard en syn klup Viborg yn petear.

Dizze wike hat SC Hearrenfean twa spilers op proef. It giet om de 18-jierrige Xi Yu Feng út Sina en de 20-jierrige Ganeeske spits Isaac Oppong Osae. De Sinees soe earder al op proef komme, mar wie doe blessearre. Oppong Osae spilet op dit stuit yn de Ganeeske kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)