Soad minsken tsjin beammekap

Beamstam © stock.xchng
De petysje tsjin de beammekap yn gemeente De Fryske Marren is hast 3500 kear tekene. De gemeente wol flink besunigje op grienûnderhâld troch de kommende jierren tusken de 5000 en 10.000 beammen te kappen. Ellen van der Lingen, inisjatyfnimmer fan de petysje, fynt dat ynwenners, bedriuwen of ferienings de kâns krije moatte om tsjin in fergoeding beammen te ûnderhâlden.
De gemeente hat begryp foar de emoasjes dy't de beammekap opropt, mar seit mei klam dat it net allinnich in besunigingsmaatregel is. Guon beammen binne ek siik of ûnfeilich.
De petysje tsjin de beammekap wurdt begjin septimber oanbean oan de gemeenteried.