Link tusken berôvings It Fean

25 jul 2014 - 10:51
  • (fotofoarbyld)

De plysje tinkt dat de twa manlju dy't ferline wike in 51-jierrige man fan It Hearrenfean en syn freondinne mishannele en bestellen hawwe, ferantwurdlik binne foar noch trije berôvings. De fertochten soenen yn de nacht fan tongersdei op freed by de Muntflat op It Hearrenfean in frou fan har tillefoan bestellen ha.

Ein juny wienen se ek aktyf op It Hearrenfean. Doe ha se in man fan syn fyts lutsen en in man op de Haskerútgong berôve. It earste slachtoffer koe ûntkomme, fan de twadde is de tillefoan stellen.

Neffens de plysje binne de dieders twa blanke manlju yn donkere klean. De iene dieder hat in normaal postuer, de oare is lytser en wat steviger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)