Streettalk komt nei Snitswike

25 jul 2014 - 10:41

Foarljochtingsorganisaasje TeamAlert komt nei de Snitswike ta om mei jongerein yn petear te gean oer de gefaren yn it ferkear. Mei de kampanje Streettalk wolle de foarljochters mei jeugd yn diskusje gean oer ûnder oare de neadsaak fan boetes en de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.

TeamAlert hopet jongerein sa bewust te meitsjen fan harren eigen ferantwurdlikheid. It Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân (ROF) betellet de kampanje yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)