Hegere winst foar Accell

25 jul 2014 - 08:36
  • Fytsen by fabryk Accell

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean hat in goed earste healjier hân. De nettowinst fan it bedriuw kaam út op 27,5 miljoen euro. Dat is 13 prosint mear as ferline jier. Benammen it moaie waar fan de ôfrûne tiid hat meiwurke oan it goeie resultaat. Dêrtroch binne yn West-Europa mear (elektryske) fytsen ferkocht.

Ek de ferkeap fan de Hercules-tak yn Dútslân hat bydroegen oan de hegere winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)