Ton van Dijk direkteur KH2018

Ton F. van Dijk is foardroegen troch de sollisitaasjekommisje as nije direkteur fan Kulturele Haadstêd 2018. De 51-jierrige Van Dijk wennet yn Haarlem en is benammen bekend as sjoernalist. Hy hat by ferskate omroppen wurke as sjoernalist en bestjoerder. Van Dijk is no algemien direkteur fan de IKON en foarsitter fan de stifting 'Max maakt mogelijk' fan Omroep Max.
Van Dijk, frege foar dizze nije funksje, is wol bekend mei Fryslân. Hy hat hjir in twadde hûs. Nei ferwachting sil de ried fan tafersjoch de beneaming nei de simmer befêstigje.
Nei de simmer wurde ek de nammen fan kultureel direkteur, direkteur marketing en de finansjeel direkteur bekend makke.