Fergees parkeare Beach Lemmer

It Glemmer Beach Festival krijt gjin tastimming om besikers betelje te litten foar it parkearen by it strân fan De Lemmer. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren besletten. De organisaasje fan Glemmer Beach neamt it spitich en ferfelend dat se gjin parkearjild freegje meie.
It beslút soarget foar in gat yn de begrutting fan 8.000 euro, seit organisator Anthonie de Vries. De organisaasje fynt it beslút ek wol wat nuver, omdat by it skûtsjesilen wol altyd betelle wurde moat foar it parkearen.